Durk Monsma krijt Keninklike Underskieding

Durk Monsma, lid en in sit yn de materialekommisje fan Keatsferiening Jacob Klaver Mantgum, kriget in keninklike ûnderskieding. De keatsferiening is grutsk dit persoan yn it ledebestân te hawwen en lokwinsket him fan herte mei dizze ûnderskieding. Taspraak by de útrikking fan de keninklike ûnderskiedingen op 27 april 2012 yn it gemeentehûs fan Littenseradiel te Wommels troch boargemaster Johanneke Liemburg.

Foar Durk Monsma moat de gong nei it gemeentehûs in tebeksetter wêze. Hy miende dat hy der hjoed mei frou en freonen op út soe en no sitte jo, Durk Monsma, op it gemeentehûs yn Wommels dêr’t jo juster ek al wiene, om ús boade Ynskje Veenstra te lokwinskjen mei har jierdei. Dit gemeentehûs is hast jo twadde thús, om’t jo oant 2003 by de gemeente wurke ha as sjef algemiene tsjinst by de ôfdieling behear. Oant 1995 wiene jo ûnderkommandant fan it korps Mantgum fan de frijwillige brânwacht, mar njonken jo wurk wie dat noch net genôch. Jo setten jo yn foar doarpsbelang, wiene lid fan de Wietwetterclub, warber foar de keatsferiening, foar it fakbûn AbvaKabo, jo binne bloeddonor, besoargje iten foar soarchgroep Tellens en al binne jo gjin lid fan tsjerke, jo binne wol al sa’n 25 jier frijwilliger by de Mariatsjerke Mantgum en Skillaerd. Al tweintich jier lang geane jo om ‘e dei de lange trep yn de toer op om it oerwurk op te winen, om’t jo fine, tink ik, dat in tsjerke heart by itdoarp. Mar foaral binne jo ek in man dy’t graach bûten is. Ik kin jo as dielnimmer oan de Alvestêde kuiertocht, ik haw ek ris in Swarte Pyt sjoen dy’t bot op jo liket, mar dêr kin ik my fansels mei fersinne. Wol wis is, dat jo neisoarger binne by de fûgelwacht. Foar al dat frijwilligerswurk hat it Keninginne Beatrix hage jo te beneamen as Lid in de Orde van Oranje Nassau.

Geplaatst op 30 April 2012